Op 18 april verschijnt de Friese editie van het Liedboek: "
Lieteboek - Sjonge en bidde thús en yn tsjerke".
Krapoan twa jier nei it útkommen fan it nije lieteboek foar
acht protestantske tsjerkegenoatskippen yn Nederlân en België kin dêr de
Fryske edysje fan oanbean wurde. Sneon 18 april sil yn de Grutte
Tsjerke fan Ljouwert de feestlike presintaasje wêze fan Lieteboek, sjonge en bidde thús en yn tsjerke.
Al
foardat de ynhâld fan it Nederlânsktalige lieteboek definityf fêststeld
wie, wiene sa’n fyftjin frijwilligers, op útnûging fan de
Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst, al mei de Fryske
oersetting úteinset. De koördinaasje wie yn hannen fan in redaksje
besteande út Jan Breimer, Bob Pruiksma en Cor Waringa. De oersettingen
waarden ek nochris kritysk besjoen troch saakkundigen, oanwiisd troch de
dielnimmende tsjerken, en troch kollega-oersetters. Nei it ferwurkjen
fan de ynkommen opmerkingen en suggestjes stelde de redaksje de
oersettingen definityf fêst. De lieten dy’t oernommen wurde koene út it
Lieteboek foar de Tsjerken
(1977) en út oare Fryske bondels, waarden ek hifke en as dat nedich wie
oanpast of op ’e nij oerset. It is slagge om yn minder as fiif jier de
Fryske edysje ta stân te bringen.
Troch de finansjele help fan fûnsen kin it boek strak foar deselde
priis oanbean wurde as de Nederlânsktalige edysje. Foar alle
tsjerkegebouwen fan de dielnimmende tsjerken yn Fryslân sil in
eksimplaar fergees beskikber steld wurde.
By de feestlike presintaasje sil fansels omraak songen wurde. Dêr
sille ek oare as de bewende sangfoarmen oan bar komme, want in grut
ferskaat yn oanbod is in skaaimerk fan dit lieteboek.
Nei it offisjele part fan de middei, dy’t om 15.00 oere begjint, is der gelegenheid om nei te praten en in eksimplaar fan it
Lieteboek oan te tugen.
In wike letter sil yn Culemborg ek sa’n presintaasje holden wurde foar Friezen en oare belangstellenden om utens.
(Bron:
It Nijs)
Je kunt het Lieteboek nu al bestellen.